Hat each foar jo wenplêzier

Wenje by ús

Jo wolle graach sa lang mooglik thús wenjen bliuwe. Dat begripe wy hiel goed. As der in momint komt dêr’t jo jo der nofliker by fiele om de soarch noch tichterby jo te hawwen, dan kin dat op ferskillende manieren.

Hiere fan ús

It is in fijn idee om yn de takomst soarch tichtby te hawwen as jo dat nedich hawwe. In wenning hiere fuortby ien fan ús wensoarchsintra kin in earste stap wêze. Op fiif lokaasjes yn de gemeente De Fryske Marren kinne jo in oanleunwenning, ek wol senioarewenning neamd, hiere fan Soarchgroep Hôf en Hiem. De apparteminten binne yn Balk, De Lemmer, De Jouwer en Rotsterhaule. As jo in échte Snitser binne of graach yn Snits wenje wolle soene, dan kinne jo soarch fan ús krije yn Parkflat Stadsfenne yn Snits. Lês hjir mear ynformaasje oer ynskriuwen en it aktuele hieroanbod.

Wensoarchsintra

Mein in wenning yn in wensoarchsintrum wenje jo noflik en mei soarch hiel tichtby. Freget jo sûnens om in wenning yn in fersoargingshûs of ferpleechhûs, dan past in appartemint yn Talma Hiem, Suderigge, Doniahiem of Vegelin State goed by jo. Jo hawwe in noflike wenning foar josels, mar kinne ek oaren moetsje by it iten of aktiviteiten. Dêrneist binne der noch in soad oare fasiliteiten wat it wenjen yn in wensoarchsintrum tige oangenaam makket.

Lytsskalich wenjen

As jo dierbere de feiligens nedich hat fan 24 oeren deis soarch en kontakt as gefolch fan demintsy of in fergelykber syktebyld, dan wolle jo graach in feilich thús foar him of har. Hôf en Hiem hat fjouwer lytsskalige wenfoarmen foar âlderein mei demintsy. De wenningen binne yn De Jouwer, Eastergea en Sint Nyk. De wenkeamers en mienskiplike romtes binne alhiel ynrjochte mei it each op likegoed feiligens as stimulearring. Ek hawwe alle lytsskalige wenfoarmen in belibbingsrjochte tún. By lytsskalich wenjen kin jo neiste noflik wenje yn in feilige thússituaasje mei alle winske oandacht.

Yndikaasje en kosten wenjen yn in wensoarchsintrum en lytsskalich wenjen

Foar it wenjen yn in wensoarchsintrum of lytsskalich wenjen hawwe jo in yndikaasje nedich. Dy yndikaasje kinne jo oanfreegje fia it Centrum Indicatiestelling (CIZ). It wenjen yn in wensoarchsintrum of lytsskalich wenjen krije jo dan fergoede út de Wet Langduorjende Soarch (Wlz), jo betelje hjirfoar in eigen bydrage fia it CAK. De hichte fan jo eigen bydrage is ôfhinklik fan jo ynkommen. Jo kinne dit berekkenje op de webside fan it CAK. As jo yn oanmerking komme foar in WLZ-yndikaasje, dan kinne jo telefoanysk kontakt opnimme mei de winske lokaasje.

Folslein Pakket Thús

As jo tichtby in wensoarchsintrum wenje yn jo eigen wenning of in oanleunwenning en yntinsive soarch nedich hawwe, is in ferhuzing nei in wensoarchsintrum net altyd nedich. Yn gearwurking mei it wensoarchsintrum by jo yn ’e buert kinne wy mooglik ek folsleine soarch thús biede of in part dêrfan. Dizze soarch neame wy Folslein Pakket Thús of Modulêr Pakket Thús. Mear ynformaasje oer thússoarch fan Hôf en Hiem fine jo hjir: algemiene ynformaasje thússoarch.

3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw