Hat each foar dy

Deibesteging

In spul dêr’t jo by útdage wurde of (op ’e nij) ûntdekke hoe’t it derfoar stiet mei jo kreativiteit. Dat binne samar in pear aktiviteiten dy’t jo ferwachtsje kinne by in deibesteging fan Soarchgroep Hôf en Hiem. Yn in gesellige en leafdefolle omjouwing kinne jo meidwaan oan in ôfwikseljend deiprogramma wêrby’t stimulearring, ûntspanning, moeting en gesellichheid sintraal stean.

Jo bepale jo eigen aktivieteiten

Us deibesteging spesjaal foar âlderen is in plak dêr’t jo jo thús fiele meie. Hearlik ûntspanne mei leeftydsgenoaten. Der wurde leuke aktiviteiten organisearre en suggestjes dien om dingen yndividueel of yn groepsferbân te ûndernimmen. Miskien fine jo it de iene kear noflik om mei-noar in kopke kofje te drinken en de oare kear krekt plezierich om konsinstrearre wat foar josels te dwaan. It mei allegear, salang’t jo jo der mar noflik by fiele.

Deidielen op grûn fan yndikaasje

Nei de deibesteging ta kin ien kear yn ’e wike, mar ek meardere deidielen yn ’e wike. By it oanfreegjen fan in yndikaasje wurdt dúdlik hoefolle deidielen yn ’e wike jo brûke kinne fanút de Wet maatskiplike Understeuning (Wmo). Jo kinne op grûn dêrfan beslisse hoefolle deidielen oft jo lânskomme op de deibesteging. Mochten jo kiezen foar in hiele dei, dan kinne jo as jo dat wolle tusken de middei in waarm miel ite, fersoarge troch de keukens fan it wensoarchsintrum yn ’e buert. Jo kinne in yndikaasje oanfreegje by it sosjaal wykteam fan gemeente De Fryske Marren. Dit team bepaalt oft jo gebrûk meitsje mei fan de deibesteging fanút de Wet maatskiplike ûndersteuning (Wmo). Foar deibesteging moat wol in ynkommensôfhinklike eigen bydrage betelle wurde. As jo dat noflik fine, kinne wy jo ûndersteune by it oanfreegjen fan in yndikaasje. u gebruik mag maken van de dagbesteding vanuit de Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo).

Binnen en bûten wensoarchsintra

Op ferskillende plakken yn it súdwesten fan Fryslân kinne jo ús deibesteging fine. Binnen ús wensoarchsintra is dat yn Balk, de Lemmer, De Jouwer en Sint Nyk. Jo kinne ek meidwaan oan ús deibesteging op oare lokaasjes yn Snits, Aldemardum en De Jouwer.

3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw