Frijwilligerswurk
In praatsje, in ekstra earm om it skouder en krekt efkes wat ekstra’s betsjutte kinne foar in oar. Dat is it moaie oan frijwilligerswurk yn de âldereinsoarch. Net allinnich ús bewenners binne tankber foar dyn oanwêzigens, ek ús meiwurkers fine it noflik om mei dy gear te wurkjen om it bêste foar ús bewenners te kreëarjen. Troch gear te wurkjen mei frijwilligers kinne wy ekstra’s biede lykas kreative aktiviteiten, kulturele optredens en útstapkes.
As frijwilliger kinst in wichtige rol spylje by:
- begelieden fan bewenners dy’t net mear sa goed rinne kinne
- fersoargjen fan kofje en tee by de deibesteging
- begelieden fan kliïnten by útstapkes
- it besoargjen fan Tafeltje Dekje-mielen
Wy beskôgje ús frijwilligers as in weardefolle skeakel tusken ús bewenners en de maatskippij. Se bringe de bûtenwrâld nei har ta!
Dêr dogge wy graach wat foar werom
Wy dogge graach wat werom foar dy as frijwilliger. Wy organisearje leuke aktiviteiten en as tank foar dyn ynset krijst elk jier in krystpakket. Ek hast de mooglikheid om gebrûk te meitsjen fan opliedingsmooglikheden. Moatst reizgje om by ús frijwilligerswurk te dwaan of wolst in sjauffeursfunksje útoefenje? Dan kinst hjirfoar in reiskostefergoeding krije.
Yn kontakt
Ast oerwagest om dy yn te setten as frijwilliger dan komme wy graach mei dy yn kontakt. Ús frijwilligerskoördinatoaren kinne dy fertelle hoe’t frijwilligerswurk by Hôf en Hiem yn syn wurk giet en ek hokker frijwilligersfunksjes der op dit stuit iepen stean.
Frijwilligers-koördinatoaren
Lytsskalich wenjen Cornelia Hoeve yn Eastergea
T 0514 – 56 89 98
woonbegeleiders-ch@hofenhiem.nl
Lytsskalich wenjen Ús Hôf
Annemieke Oostra en Hielkje Bosma
a.oostra@hofenhiem.nl en h.bosma@hofenhiem.nl
0513 – 41 25 69
Lytsskalich wenjen De Werf
Gerda van den Bosch
g.vandenbosch@hofenhiem.nl
0513 – 48 10 46
Wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint Nyk
Tinie van Lingen en Corien Rondaan
T 0513 – 43 15 55
act-donia@hofenhiem.nl
Wensoarchsintrum Suderigge yn Lemmer
Brecht de Haan en Matty van Gelderen
T 0514 – 72 92 00
rec-org-sud@hofenhiem.nl
Wensoarchsintrum Talma Hiem te Balk
Annejet ter Velde
T 0514 – 72 92 50
a.tervelde@hofenhiem.nl
Woonzorgcentrum Vegelin State te Joure
Anna Zijlstra
T 0513 – 41 25 69
a.zijlstra@hofenhiem.nl
Foar fragen oer frijwilligerswurk yn de thússoarch kinne jo kontakt opnimme mei de frijwilligerskoördinatoaren fan ús wensoarchsintra.