Staazje
Al it learde yn de praktyk bringe en fleanoeren meitsje. De wurkûnderfining dy’tst opdochst yn dyn staazje kinst skielk brûke om te bloeien yn dyn fak. By Soarchgroep Hôf en Hiem is in soad oandacht foar learen en ûntwikkeljen. Do bist by ús op it goede plak foar in staazje yn de âldereinsoarch. By ús krijst de romte om te groeien yn dyn kennis en kunde. Wy binne aktyf belutsen by dyn staazje-leardoelen en dyn persoanlike ûntwikkeling.
Wurkûnderfining opdwaan yn de thússoarch, de wensoarch of krekt yn de ûndersteunende funksjes, wat past by dy? Kisnt op al ús lokaasjes en binnen de thússoarch staazjerinne. Der binne mooglikheden foar:
- staazje fersoargjende IG/maatskiplik fersoargjende IG
- staazje ferpleechkundige oplieding (mbû-V en hbû-V)
- staazje tsjinstferliening mei profyl Helpende Soarch en Wolwêzen
- staazje meiwurker maatskiplike soarch
- staazje administrative, HR, kommunikaasje, ICT sekretariële en finansjele opliedingen
Goede staaazjebegelieding
Yn dyn staazje wurkest mei diplomearre kollega’s en wurdst begelaat troch in wurkbegelieder en praktykoplieder. Wy hechtsje in soad wearde oan dyn takomst en meitsje dan ek echt tiid frij om dy te helpen. Hôf en Hiem is troch de SBB (Gearwurkingsorganisaasje Beropsûnderwiis Bedriuwslibben) erkend as learbedriuw foar ferskate opliedingen. Dit betsjut dat wy foldogge oan de kwalitative easken foar it bieden fan staazjeplakken.
Staazjeplakken
Foar it oanbieden fan staazjeplakken wurkje wy gear mei ferskillende skoallen út de regio. Ast mear witte wolst oer de mooglikheden foar staazjeplakken op dit stuit, dan kinst kontakt opnimme mei de praktykoplieders fan ús lokaasjes.
Fakânsjebaan yn de âldereinsoarch
Hoe moai is it ast in Fakânsjebaan hast dy’t oanslút op de oplieding dêr’tst mei dwaande bist. Folgest in soarchoplieding of rinst staazje by Hôf en Hiem, dan gean wy graach mei dy yn petear oer de mooglikheden foar in fakânsjebaan.
Praktyk oplieders
Wensoarchsintrum Doniahiem en Lytsskalich wenjen Ús Hiem
Akkie Tigchelaar
T 0513 – 43 15 55
a.tigchelaar@hofenhiem.nl
Wensoarchsintrum Suderigge en Lytsskalich wenjen Cornelia Hoeve
Annejet de Groot
T 0514 – 72 92 00
a.degroot@hofenhiem.nl
Wensoarchsintrum Vegelin State en Lytsskalich wenjen Ús Hôf en De Werf
Tiety Kort
T 0513 – 41 25 69
t.kort@hofenhiem.nl
Wensoarchsintrum Talma Hiem
Wieke Postma
T 0514 – 60 88 00
stage-talma@hofenhiem.nl
Praktykoplieder Thússoarch
Anja Minnesma
T 0513 – 43 30 30
a.minnesma@hofenhiem.nl
Sintraal Buro
Janneke Gietema en Hilde van Nijen
T 0513 – 43 30 30
j.gietema@hofenhiem.nl of h.vannijen@hofenhiem.nl
Wolst graach mear witte?
Foar mear ynformaasje oer staazjes by Soarchgroep Hof en Hiem kinsto kontakt opnimme mei Hilde fan Nijen (opliedingsadviseur) fia telefoannûmer 0513 – 43 30 30. In e-mail stjoere mei fansels ek, nei: h.vannijen@hofenhiem.nl.