Hat each foar dy

Folslein Pakket Thús

As jo al in moai skoft thússoarch hawwe, komt der miskien in stuit dat jo jo ôfreegje oft de soarch noch genôch is yn jo situaasje. Jo hawwe mear ûndersteuning en soarch nedich, mar ferhúzjen sjogge jo net sitten. Mei Folslein Pakket Thús (VPT) kinne jo thús wenje mei komplete soarch- en tsjinstferliening fan Soarchgroep Hôf en Hiem.

Wat is Folslein Pakket Thús?

As jo yn ’e buert wenje fan ien fan ús wensoarchsintra is der in moogliheid om thús wenjen te bliuwen mei help fan in spesjaal thússoarchpakket. It Folslein Pakket Thús is it krijen fan ferpleechhûssoarch oan hûs. Wy kinne dizze foarm fan thússoarch biede om’t wy nau gearwurkje mei ús wensoarchsintra yn de kearnen fan de gemeente De Fryske Marren. Mei de wensoarchfasiliteiten om ’e hoeke hawwe jo alle soarch en mooglikheden tichtby. Dat hâldt yn dat jo derfoar kieze kinne om alle waarme mielen troch ús fersoargje te litten en by jo thús bringe te litten. Ek kinne jo dielnimme oan de deibesteging en oare aktiviteiten.

Wannear komme jo yn oanmerking foar it Folslein Pakket Thús (VPT)?

Jo komme yn oanmerking foar it Folslein Pakket Thús as jo in yndikaasje hawwe foar de Wet langduorjende soarch (Wlz). Hoe’t jo dit oanfreegje kinne, kinne jo fierderop lêze (ûnder it kopke ‘Yndikaasje oanfreegje’),in betingst is dat der sprake is fan in ferlet fan 24-oers soarch fuortby. De soarch dy’t oan dizze yndikaasje ferbûn is, brûke jo om sa lang mooglik thús wenjen te bliuwen. As jo noch gjin yndikaasje hawwe, kinne wy dy tegearre mei jo oanfreegje. In oare wichtige betingst is dat jo yn  ’e buert wenje fan in wensoarchsintrum fan Hôf en Hiem. Sa kinne wy fluch skeakelje by in soarchfraach en gearwurkje mei de tsjinsten en fasiliteiten fan it wensoarchsintrum. It Folslein Pakket Thús is ek mooglik yn Parkflat Stadsfenne yn Snits fanwegen de tsjinsten en fasiliteiten dy’t de serviceflat biedt.

Eigen rezjy

As it giet om it Folslein Pakket Thús fine wy it wichtich dat jo as kliïnt safolle mooglik jo eigen rezjy behâlde. Wat kinne jo sels? Wat kinne jo neisten foar jo betsjutte? Wêr kinne wy ûndersteune? Op dy wize hâlde jo de toutsjes sels yn hannen oer jo libben.

Spesjalisearre meiwurkers

Us thússoarchmeiwurkers binne ek spesjalisearre yn demintsysoarch. Mocht it yn ’e takomst nedich wêze, dan binne jo ek mei demintsy-relatearre klachten yn fertroude hannen by Hôf en Hiem. Hjirtroch kinne wy goed ynspylje op in feroarjende situaasje. Dêrby belûke wy ek jo neisten, sadat jo sa lang mooglik noflik en feilich thús wenjen bliuwe kinne.

Maatwurk fan thússoarch Hôf en Hiem

It Folslein Pakket Thús is net in dúdlik ôfbeakene pakket. Wy sjogge mei jo en jo neisten wat it bêste by jo past. Feroaret der op termyn wat yn jo persoanlike situaasje dat makket dat it pakket oanpast wurde moat? Dan binne wy hiel fleksibel en sjogge wy oft wy jo soarch oanpasse of útwreidzje moatte.

Oersjoch mooglikheden soarch, wolwêzen en tsjinsten

Soarch Tsjinsten Help
help by persoanlike fersoarging alle mielen by jo thús of yn it wensoarchsintrum ûndersteuning fan de mantelsoarger
ferpleging individuele begeleiding
help by lichte húshâldlike wurkzumheden (sa as bêd rjochtlûke en/of ferskjinje, ôfwask, wc) húshâldlike help
alarmknop foar akute help aktiviteiten en deibesteging yn it wensoarchsintrum by jo yn ’e buert (ynklusyf ferfier)
boadskippetsjinst (wy kinne jo helpe of boadskippen foar jo helje)
boadskippebudzjet fan €15,00 yn ’e moanne foar it winkeltsje yn it wensoarchsintrum by jo yn ’e buert

Wat moat ik regelje?

As jo deroer tinke om foar it Folslein Pakket Thús te kiezen, dan kinne jo kontakt opnimme mei in wykferpleechkundige fan Hôf en Hiem Thússoarch, te berikken fia 0513-433030.

Kosten

Ofhinklik fan de hichte fan jo ynkommen en fermogen betelje jo in eigen bydrage foar it Folslein Pakket Thús. It Sintraal Administraasje Kantoar (CAK) kin jo ynformearje oer dizze bydrage. Op de webside hetcak.nl kinne jo fuortdaliks de hichte fan jo eigen bydrage berekkenje (litte).

Wat falt net binnen it Folslein Pakket Thús?

  • Kosten dy’t te krijen hawwe mei jo wenning binne foar eigen rekkening (bygelyks hier, hypoteek, ûnderhâld en enerzjyrekkening);
  • Jo hâlde gewoan de basissoarch fan jo eigen húsdokter en apoteek;
  • Jo kinne terjochte by de gemeente foar helpmiddels of wenningoanpassingen (Wmo) of jo soarchfersekerder foar fergoeding fan basis medyske en toskhielkundige soarch of helpmiddels dy’t net fia de Wmo of Hôf en Hiem ferstrekt wurde.

Jo kinne ek hjir de folder fan Folslein Pakket Thús downloade.

 

 

3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw