Hat each foar jo wenplêzier

Doniahiem

Yn it hert fan it doarp Sint Nyk stiet wensoarchsintrum Doniahiem. As jo foar it wensoarchsintrum stean sjogge jo efter it wensoarchsintrum de toer fan de grutte tsjerke ferrizen; it doarpsgesicht fan Sint Nyk. Doniahiem is in noflik plak om te wenjen en te libjen. As jo deryn binne is de waarmte fielber. Dit is in thús. Gean jo út it wensoarchsintrum wei rjochtsôf, dan kinne jo rinnend om mei help fan famylje in boadskip dwaan yn it sintrum, dat op rinôfstân is. Gean jo linksôf, dan binne it park Wilhelminaoord en de bosken tichtby.

Thús fiele

Thús fiele is it wichtichste aspekt binnen Doniahiem. Wy wurkje graach gear mei jo neisten om derfoar te soargjen dat jo plezierich wenje. It wensoarchsintrum hat 62 apparteminten. It appartemint dêr’t jo wenje kinne jo ek nei eigen winsk en smaak ynrjochtsje. Alle apparteminten hawwe in wen-/sliepkeamer, keuken en badkeamer mei wasktafel, dûs en wc. De grutte seal op ’e ûnderferdjipping is it plak dêr’t deistich it iten fersoarge wurdt en dêr’t jo oare bewenners moetsje kinne.

Lytsskalich wenjen Ús Hiem

Yn ’e rjochterfleugel fan Doniahiem wenje âlderen mei demintsy. Ús Hiem is in noflike en feilige lytsskalige wenfoarm foar jo neiste. Us Hiem hat sân apparteminten en in spesjale belibbingsrjochte tún. Hjir fine jo mear ynformaasje oer lytsskalich wenjen: Ús Hiem.

Iten út eigen keuken

Alle dagen siedt de keukenbrigade in lekker en sûn miel út de eigen keuken fan Doniahiem. Dit waarme miel meitsje sy klear mei leafde foar jo as bewenner fan Doniahiem of ynwenner fan Sint Nyk en omkriten. Mear ynformaasje oer de waarmmielservice fan Hôf en Hiem fine jo hjir: waarmmielservice.

Aktiviteiten

Jo sille fernimme dat der yn Doniahiem altyd wol wat te belibjen is. As jo dat wolle kinne jo meidwaan oan ien fan de mannich leuke aktiviteiten. It wiidweidige oanbod oan aktiviteiten wurdt gearstald op grûn fan jo winsken en ferlet. Binne jo graach yn beweging? Sjonge jo leaver? Of binne jo graach kreatyf? It makket net út hokker aktiviteiten jo kieze en hoefolle. It is in noflike wize om aktyf te bliuwen en om oaren te treffen. Ek as jo allinnich sin ha oan in kopke kofje, binne jo wolkom om oan te skowen.

Fasiliteiten

As jo dat net wolle, hoege jo de doar net út. Om’t Doniahiem hast alles yn ’e hûs hat, is it hiel noflik wenjen. Wat wy biede yn Doniahiem oan fasiliteiten, fine jo hjir:

  • Senioarerestaurant mei eigen keuken yn Doniahiem
  • Biblioteek
  • Kompjûterhoeke
  • Winkeltsje
  • Fysioterapy
  • Kafee mei bar

Oanleunwenningen Doniahiem

Wenjen fuortby Doniahiem kin ek al hiel noflik wêze. Hjirtroch binne de fasiliteiten, soarch en ûndersteuning tichtby as jo dy nedich hawwe. Neist Doniahiem fine jo De Scharleijen, in appartemintekompleks foar âlderen. De Scharleijen is mei in oerdekte brêge ferbûn mei Doniahiem. Sa binne jo as bewenner fan it appartemintekompleks yn in mum fan tiid yn it wensoarchsintrum. Tsjinoer Doniahiem stiet noch in appartemintekompleks foar âlderen: de Iendracht. Ek hjirút wei is Doniahiem goed te berikken, mei’t jo allinnich de dyk mar hoege oer te stekken. It is, binnen bepaalde omstannichheden, sels mooglik om yn dizze wenningen de soarch te ûntfangen dy’t jo ek yn it wensoarchsintrum krije soene. Besjocht de mooglikheden fan it Folslein Pakket Thús fan Hôf en Hiem Thússoarch. De wenningen yn De Scharleijen en De Iendracht wurde ferhierd troch wenningstifting Dynhus.

3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw