Hat each foar dy

Modulêr pakket thús

Jo hawwe al in moai skoft in húshâldlike help dêr’t jo in soad wearde oan hechtsje. Tagelyk fernimme jo ek dat jo mear soarch nedich hawwe. It liket derop dat jo ferlet hawwe fan ferpleechhûssoarch oan hûs, mar jo wolle net ôfskied nimme fan jo eigen húshâldlike help. It Modulêr Pakket Thús makket mooglik dat dat ek net hoecht. Binnen dit soarchpakket kinne jo tsjinsten fan oare soarchoanbieders kombinearje mei soarch fan Hôf en Hiem. It Modulêr Pakket Thús ûntfange jo út de Wet landuorjende soarch (Wolz).

Thús soarch ûntfange mei it Modulêr Pakket Thús (MPT)

Binnen dit pakket kieze jo sels de soarch en tsjinsten dy’t passe by jo fraach. Troch it gearstallen fan dizze modules ûntstiet der in foar jo op maat makke soarchpakket. Dit kin foaral handich wêze as jo gjin ferlet hawwe fan bepaalde soarch, om’t jo hjir sels bygelyks al wat foar regele hawwe. Ek as jo seoach sels ynkeapje wolle mei in persoansbûn budzjet is it Modulêr Pakket Thús in geskikte kar.

Hokker soarch kinne jo ûntfange mei it MPT?

Hokker soarch jo thús ûntfange wolle mei it modulêr pakket thús kinne jo (as jo dat wolle yn gearspraak mei jo neisten) ôfprate op grûn fan jo Wlz-yndikaasje. Jo hawwe de kar út de folgjende opsjes:

  • Persoanlike fersoarging
  • Ferpleging
  • Begelieding
  • Húshâldlike help
  • Deibesteging (ynklusyf ferfier)

Hokker soarch ûntfange jo net mei it MPT?

  • Waarmmielservice
  • Kosten dy’t te krijen hawwe mei jo wenning binne foar eigen rekken (bygelyks hier, hypoteek, ûnderhâld en enerzjyrekkening);
  • Jo bliuwe de basissoarch gewoan ûntfangen fan jo eigen húsarts en apoteek;
  • Jo kinne terjochte by de gemeente foar helpmiddels of wenningoanpassingen (Wmo) of jo soarchfersekerder foar fergoeding fan basis medyske en toskhielkundige soarch of helpmiddels dy’t net fia de Wmo of Hôf en Hiem ferstrekt wurde.

Kosten

Ofhinklik fan de hichte fan jo ynkommen en fermogen betelje jo in eigen bydrage foar it Modulêr Pakket Thús. It Sintraal Administraasje Kantoar (CAK) kin jo ynformearje oer dizze bydrage. Op de webside hetcak.nl kinne jo fuortdaliks de hichte fan jo eigen bydrage berekkenje (litte).

Wannear kom ik yn oanmerking foar it Modulêr Pakket Thús?

De betingsten om gebrûk te meitsjen fan it Modulêr Pakket Thús binne sa:

  • Jo hawwe in yndikaasje foar de Wlz, hjirút docht bliken dat jo it bliuwende ferlet hawwe fan 24 oeren deis tafersjoch of soarch deunby;
  • Fan belang is dat jo sûn en feilich thús wenje kinne moatte, dêrneist mei de soarch net djoerder wêze as wannear’t jo yn in soarchynstelling wenje soene. Ek is it wichtich dat de soarch op in ferantwurde en doelmjittige wize by jo thús levere wurde kin.

 

 

3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw