Hat each foar dy

Oer ús

Alderen safolle mooglik harsels wêze litte kinne. Dat is dêr’t wy as Soarchgroep Hôf en Hiem foar stean. Wy dogge dit troch neist minsken stean te gean en te harkjen nei wat sy nedich hawwe. Wat kin en wol immen sels, wat kinne famylje en mantelsoargers betsjutte? Dat is de sintrale fraach om bepale te kinnen wêr’t wy ûndersteunend wêze kinne. Wy leverje soarch en ûndersteuning mei oprjochte oandacht, elke dei en nacht, om’t âlderen dat fertsjinje. Om dit wier te meitsjen binne wy belutsen by ús kliïnten en meiwurkers en biede wy har de feilichheid om wêze te kinnen wa’t sy binne. Wy stelle ús iepen foar ideeën en wolle fleksibel wêze yn it mei-inoar betinken fan oplossingen. Hjiryn wurkje wy neist famylje en mantelsoargers yntinsyf gear mei húsdokters, spesjalisten, casemanagers en sikehuzen.

Ynspylje op feroaring

Wy spylje fluch, fleksibel en ûndernimmend yn op feroaringen. Wy wurkje gear mei oare partijen – lykas gemeenten, wenningkorporaasjes en oare soarchynstellingen – om mei-inoar de bêste soarch en oandacht foar âlderein yn de gemeente De Fryske Marren en yn de Parkflat yn Snits biede te kinnen. As organisaasje binne wy aloan yn ûntwikkeling op it mêd fan digitalisearring en ynnovaasje. Der binne al suksesferhalen fan kliïnten dy’t gebrûk meitsje fan de Compaan, in tablet dy’t ûndersteunt yn soarch op ôfstân. Opliedingen foar ús meiwurkers wurde hieltyd tagonkliker. E-learnings kinne op in eigen keazen momint folge wurde fia ús eigen online Hôf en Hiem Akademy.

Bestjoer, management en tafersjoch

De deistige lieding fan Soarchgroep Hôf en Hiem falt ûnder direkteur-bestjoer John van Arnhem. Hy leit ferantwurdlikheid ôf oan de ried fan tafersjoch. Hy wurdt ûndersteund troch de managers. Mear ynformaasje oer bestjoer, management en tafersjoch fynst hjir.

Meisizzenskip

Meitinke en ynfloed útoefenje op belied heart net allinnich by bestjoer en management. De deistige praktyk bart thús, yn de wensoarchsintra of lytsskalich wenjen. Wy fine it dan ek hiel wichtich om mei-inoar belied te meitsjen. Soarchgroep Hôf en Hiem hat meardere meisizzenskipsrieden. Foar út kliïnten en bewenners is der likegoed de lokale as de sintrale kliïnteried.

As meiwurkers is it mooglik om oan te sluten by de ûndernimmingsried (UR). Of as fersoargjende/ferpleechkundige diel te nimmen oan de VVAR.

Kwaliteit

Jo wolle fertrouwe kinne op de bêste soarch en it bêste wolwêzen. Dat sit foar fierwei it grutste part yn de leafde en oandacht fan ús soarchmeiwurkers. Wy hawwe ferskate metoaden om de kwaliteit fan ús soarch en tsjinsten te mjitten. Mear ynformaasje oer dit ûnderwerp: Kwaliteit by Soarchgroep Hôf en Hiem.

Stifting Freonden fan Hôf en Hiem

Us Stifting Freonen fan Hôf en Hiem makket it mooglik om in ekstraatsje foar bewenners en kliïnten realisearje te kinnen. Mei donaasjes út de stichting wurde foarsjenningen of ekstra aktiviteiten betelle. Hoe’t dat wurket, kinne jo hjir lêze: Stifting Freonen fan Hôf en Hiem.

Skiednis

 

3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw