Waarmmielservice
Troch sûn en smaaklik te iten fiele wy ús better. Soms is it dan ek noflik as der lekker foar jo itensean wurdt. Elke dei meitsje de keukenbrigades ambachtlike mielen mei farske yngrediïnten spesjaal foar âlderein. Jo kinne hjir lekker thús fan genietsje oan jo eigen keukenstafel of yn it selskip fan oaren yn ús senioarerestaurants. As jo dit kombinearje wolle is dat fansels ek mooglik.
Waarm miel by jo thús
In waarm miel oan hûs stiet ek wol bekend as Tafeltje Dekje. Jo kinne sels jo kar meitsje út it deimenu. It waarm miel wurdt by jo thúsbrocht tusken 11.15 en 12.30 oere. In kuolfarsk miel kinne jo ferwachtsje tusken 13.00 en 14.30 oere (allinnich Parkflat).
- De mooglikheid foar alle dagen in farsk miel, by jo thús ôflevere;
- Jo kinne sels oanjaan hokker dei(dagen) jo in miel ûntfange wolle;
- In ôfwikseljend menu mei ferskate karren, besteande út in haad- en neigerjocht en twa kear wyks sop;
- Wy hâlde rekken mei jo dieetwinsken.
Miel iten yn ien fan ús restaurants
Ite mei oaren lit in miel soms noch lekkerder smeitsje om’t jo der mei-inoar fan genietsje. It is ek in moaie manier om sosjale kontakten te lizzen. Jo hawwe de mooglikheid om oan te skowen yn ien fan ús senioarerestaurants yn ús wensoarchsintra yn Balk, De Lemmer, De Jouwer, Sint Ny of yn Parkflat Stadsfenne yn Snits. Jo bepale sels hoefolle dagen yn ’e wike jo komme wolle te iten. Wolle jo komme te iten? Belje dan moarns foar 10.00 oere nei de resepsje fan it wensoarchsintrum by jo yn ’e buert. Wy soargje derfoar dat der in hearlik trijegongen deimenu foar jo klearstiet tusken de middei.
Smaakstjoering
Misskien hawwe jo wol ris fernommen dat jo gerjochten minder goed priuwe of minder lekker fine as eartiids. Dat kin komme om’t de smaakpapillen minder goed begjinne te wurkjen troch it âlder wurden. Wy fine it hiel wichtich dat jo neist sûn ek lekker ite. Dêrom besteegje ús koks in soad oandacht oan de smaak fan it iten troch smaakstjoering. Troch it tafoegjen fan ekstra yngrediïnten lykas krûden kinne jo fernimme dat jo smaakbelibbing better wurdt.
Kwaliteit
Elk wensoarchsintrum hat in eigen keuken mei it karmerk fan de stifting Veiligvoedsel. Dat hâldt yn dat alle prosessen dy’t mei iten te krijen hawwe op in juste en feilige wize útfierd wurde. Soarchgroep Hôf en Hiem hat al seis kear de Veilig Voedsel Award wûn foar Bêste Soachgroep. Soarchgroep Hôf en Hiem hat neist smaak ek de kwailiteit en feiligens hiel heech yn it findel. Wy dogge de folgjende saken om dit goed yn byld te hâlden.
- Twajierliks kliïnttefredenheidsûndersyk
- Persoanlike petearen mei bewenners en ôfnimmers fan de waarmmielservice
- Ynterne en eksterne ûndersiken
- Sertifikaasje ISO 9001:2015
- Audit Stichting Veilig Voedsel
By ús iten jo dus net allinnich hiel lekker, mar ek sûn en feilich!
Kosten waarmmielservice
De kosten foar in waarm miel, sawol oan hûs as yn it senioarerestaurant, binne €10,50.
Oanmelde foar waarmmielservice
Folje ûndersteand formulier yn om oan te melden foar de Hôf en Hiem waarmmielservice en wy nimme kontakt mei jo op.
Ofmelde waarmmielservice
Wolle jo jo ôfmelde foar de waarmmielservice? Dit kinne jo ienfâldich telefonyk regelje troch kontakt op te nimmen mei de lokaasje wêr’t jo jo mielen fan ûntfange.
Kontakt oer waarmmielservice
Wolle jo graach mear ynformaasje ûntfange oer Hof en Hiem waarmmielservice, dan kinne jo kontakt opnimme mei it wensoarchsintrum fan jo kar. Wy helpe jo graach fierder!
Wensoarchsintrum Doniahiem in Sint Nicolaasga
0513 – 43 15 55
Wensoarchsintrum Suderigge op ‘e Lemmer
0514 – 72 92 00
Wensoarchsintrum Talma Hiem yn Balk
0514 – 72 92 50
Wensoarchsintrum Vegelin State op ‘e Jouwer
0513 – 33 26 00
Parkflat Stadsfenne yn Snits
0515 – 43 74 37
Alle restaurants binne eltse dei iepen fan 12.00 – 13.00 oere.

Jou in miel kado
Wolle jo graach in aardich kado jaan foar in jierdei, jubileum of in oare gelegenheid? Jou dan ris in Hof en Hiem waarmmielservice cadeaukaart. Dizze fertsjintwurdiget in deimenu (besteande út trije gongen) yn ien fan ús seniorenrestaurants. De cadeaukaart is te keap by de resepsjes fan ús wensoarchsintra en kost €11,50.