Hat each foar jo wenplêzier

De Schutse

Yn it hert fan De Lemmer fine jo lytsskalich wenjen De Schutse. It wenkompleks biedt romte oan 19 bewenners, de apparteminten binne ferdield oer twa wenningen. Yn’e mienskiplike wenkeamers fiele jo in noflike, rêstige sfear. Beide wenten hawwe tagong ta de binnentún, dêr’t it noflik is om te ferbliuwen mei moai waar. Foar de bewenners organisearje wy geregeld aardige aktiviteiten.

Wenjen en wolwêze bewenner liedend

Eigen rezjy is hiel wichtich by lytsskalich wenjen. Wy gean út fan wat immen sels dwaan kin en wêr’t de famylje stypje kin. Hat de famylje altyd in rol spile yn in bepaald ûnderdiel yn it libben fan in bewenner? By De Schutse bliuwe wy dat trochsetten om de bewenner safolle mooglik in gefoel fan thús te jaan. Wy fine it fan grut belang om de rituelen en wearden fan bewenners te kennen. Dêrtroch kinne wy de foarkarren en ferletten fan immen better begripe. De Schutse is de wenomjouwing fan de bewenner en dêrom is wenje en wolwêze liedend. De soarch is ûndersteunend. As it mooglik is bepaalt de bewenner in eigen ynfolling fan ’e dei dêr’t wy helpe struktuer yn oan te bringen. Dat jout rêst troch de dei. Wy organisearje geregeld aktiviteiten en útstapkes, dêr’t bewenners frijbliuwend by oanslute kinne.

Nijste techniken

Lytsskalich wenjen De Schutse is útrist mei de nijste techniken en ûntwikkelingen op it mêd fan wenjen foar minsken mei demintens. Alle bewenners hawwe in eigen wen- / sliepkeamer mei badkeamer. De wenning mei ynrjochte wurde mei persoanlike saken. Dit jout in thúsgefoel. De binnentún is te berikken fia de mienskiplike wenkeamer; it is in feilig en in noflik plak om te wêzen.

Wichtige rol foar famylje en frijwilligers

Famyljeleden en frijwilligers hearre by it deistich libben by De Schutse. Sy ûndersteune by it iten, begeliede útstapkes en komme geregeld lâns om bygelyks mei-inoar te kuierjen, te lêzen of in kopke kofje te drinken. Mei-inoar soargje wy foar in optimaal wolwêzen fan de bewenners.

Wannear kin immen yn De Schutse komme te wenjen?

As immen de feilichheid nedich hat fan 24 oeren deis soarch en kontakt as gefolch fan demintsy of in fergelykber syktebyld, dan kinne wy in feilich thús biede. Cornelia Hoeve is in waarme thúshaven dêr’t wy sjogge nei de mooglikheden en bewenners de romte biede om safolle mooglik harsels te wêzen.

Hoe’t wy wurkje

Wy leauwe dat as wy de bewenner echt kennen leare en romte jouwe om neffens eigen gebrûken en wearden te libjen, dit in posityf effekt hat op it wolwêzen. Wy kinne beheiningen en problemen net altyd fuortnimme, mar troch it oanpassen fan de omjouwing en begjegening ûnderfine de bewenners mear eigen rezjy. Wy wurkje yntinsyf gear mei de spesjalist âlderengenêskunde en dêr’t dat nedich is mei de fysioterapeut, ergoterapeut, psycholooch en oare spesjalisten.

Wat moat ik regelje?

Ferpleechkundige Hilly Sonneveld is it oansprekpunt foar ús lytsskalige wenfoarmen. Wolle jo jo belangstelling kenber meitsje, dan kinne jo kontakt mei har opnimme, fia: h.sonneveld@hofenhiem.nl. Hilly Sonneveld is ek telefoanysk te berikken fia de resepsje fan Suderigge: 0514 – 72 92 00. Sy besprekt mei jo oft De Schutse in geskikt plak is foar de situaasje fan jo neiste of dat in oare lytsskalich wenjenlokaasje, lykas De Werf, Us Hôf, Cornelia Hoeve of Us Hiem miskien better oanslút. Hilly kin jo ek mear fertelle oer eventuele wachtlisten. Wy stelle altyd foar om jo rûn te lieden tegearre mei jo neiste(n). It is foar elke belutsene en seker foar takomstige bewenner fijn om alfêst de noflike sfear te fielen en te sjen oft dit oanslút by him of har. Ut ûnderfining witte wy ek dat it helpend wêze kin om de takomstige bewenner mei te nimmen yn de oansteande ferhuzing. As der in appartemint frijkomt, nimme wy kontakt mei jo op. Jo of de casemanager demintsy kinne dan in oanfraach dwaan foar in ‘Beslút ta opname en ferbliuw’ (artikel 21) by it CIZ. Dizze oanfraach kin maksimaal acht wiken foar de ferhuzing dien wurde. Foar mear ynformaasje oer demintens kinne jo terjochte op de website libje mei demintens.

 

 

A+
A-
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw