Kliïntynformaasje
Foar de soarch dy’t ús kliïnten krije fia Hôf en Hiem Thússoarch of by ien fan ús wensoarchsintra jilde algemiene leveringsbetingsten. De algemiene leveringsbetingsten (algemiene module) leit fêst wat de kliïnt en organisaasje fan elkoar ferwachtsje meie yn in soarchferlieningsrelaasje. It giet om ferantwurdlikheden oer en wer. Ofhinklik fan ’e aard fan ’e soarch- en tsjinstferliening wurde noch spesifike ôfspraken fêstlein. Dy neame wy bysûndere modules. Hjirûnder kinne jo ús Algemiene module Soarch- en Tsjinstferliening en Bysûndere modules downloade.
Algemiene betingsten en kondysjes foar thússoarch en soarch yn ús wen-soarchsintra:
Thússoarch
Hjirûnder fine jo de oanfoljende en spesjale modules dy’t spesifyk jilde foar kliïnten fan thússoarch:
Wenjen
Spesifike ôfspraken dy jilden foar bewenners fan in wensoarchsintrum of in lokaasje lytsskalich wenjen:
- Taljochting fersekering bewenners Wet langduorjende soarch mei ferbliuw
- Soarch op lokaasjee – oanfoljende en bysûndere modules
Kosten
Hjirûnder fine jo hoe’t de kosten foar ús tsjinsten fia de Wet lang duorjende soarch wurde ferdield:
Stipe by mantelsoarch
Soarge jo langduorjend foar jo partner of in famyljelid? Dan binne jo in mantelsoarger. Foar stipe by mantelsoarch kinne jo terjochte by it Mantelzorg Informatie Punt fan Sociaal Werk De Kear (gemeente De Fryske Marren). Sy jouwe advys en organisearje regelmjittich thema moetings. Mear ynformaasje fine jo hjir. Of fia de webside fan Sosjaal Wurk De Kear.
Hawwe jo as mantelsoarger stipe nedich by rou of by fragen oer it libben? Jo kinne terjochte by de geastlik fersoargers fan Sichtpunt yn Fryslân. Wat Sichtpunt foar jo betsjutte kin, fine jo fia dizze link. Of download de brochure.