Soarchadvyspunt
It soarchadvyspunt is it plak by Hof en Hiem dêr’t jo terjochte kinne mei al jo fragen oer soarch en stipe. Oft jo no al witte wat jo nedich binne of noch sykjende binne: wy tinke mei jo mei. Tegearre sjogge wy nei wat past by jo situaasje, winsken en mooglikheden.
Jo hawwe ien fêst oansprekpunt yn de kliïntadviseur. Sy tinke mei jo mei, jouwe dúdlik advys en soargje foar in soarchfâldige ôfstimming mei it goede plak of it goede team. Oft it no giet om thússoarch, deibesteging, wenjen of oare foarmen fan stipe: wy helpe jo graach.