Hat each foar dy

Kwaliteit

By Soarchgroep Hôf en Hiem kinne jo rekkenje op de heechste soarchkwaliteit. Oan ’e iene kant betsjut dit dat wy foldogge oan alle jildende kwaliteitsstanderts. In wichtige saak, want dêrmei is ek formeel befêstige dat jo by ús yn goede hannen binne. By Hôf en Hiem giet kwaliteit lykwols folle fierder as allinnich foldwaan oan de noarm.

Kwaliteit fan soarch giet yn ús eagen foaral ek om it jaan fan persoanlike soarch, yn in feilige en noflike leefomjouwing. Wy wolle persoansrjochte soarch biede mei in soad oandacht foar de winsken en it ferlet fan ús kliïnt en wolle fan wearde wêze foar de bewenners en harren famylje. Koartsein, de kwaliteit fan soarch wolle wy merkber en mjitber meitsje. Yn it foarste plak út it perspektyf wei fan de kliïnt en yn it twadde plak út it perspektyf wei fan de profesjonal.

Tefredenheidsûnderfiningen fan ús kliïnten as graadmjitter foar kwaliteit

Om goede soarch realisearje te kinnen, wurkje wy oanienwei oan ferbetteringen binnen de organisaasje. Wy fine it wichtich om te witten hoe’t kliïnten de soarch- en tsjinstferliening fan Hôf en Hiem belibje. De tefredenheid fan ús kliïnten wurdt as ien fan de wichtichste útkomsten sjoen fan goede soarch. Dêrom dogge wy alle jierren in ûndersyk nei de ûnderfiningen fan ús kliïnten. Wy brûke de útkomsten fan dizze ûndersiken om te witten wêr’t wy ferbetterje kinne en sa ynspylje te kinnen op it ferlet fan ús kliïnten. Ein 2021 hat Hôf en Hiem in tefredenheidsûndersyk útfiere litten ûnder de kliïnten fan Hôf en Hiem. Sy wurdearren de wensoarch mei in 8,1, lytsskalich wenjen mei in  8,7, de thússoarch mei in 8,9 en de help by it húshâlden mei in 8,4!

ISO-sertifisearre

Us kwaliteitsmanagementsysteem litte wy alle jieren toetse oan de ISO 9001 noarm, dêr’t wy in sertifikaat foar krije. Dat betsjut dat wy wurkje neffens de lanlike kwaliteitsnoarmen. Ek litte wy dêrmei sjen dat kwaliteit yn ús organisaasje as fanselssprekkend in serieuze saak is dêr’t wy oanienwei oan wurkje.

Veilig Voedsel Award

Ek de kwaliteit fan iten en drinken fine wy – en ús bewenners en gasten! – wichtich en dus binne wy ek sertifisearre troch de Stichting Veilig Voedsel. Mei in gemiddeld rapportsifer fan in 9,4 stean de keukens net allinnich boarch foar lekker mar ek feilich iten.

Thúswenjen mei ferpleechhûssoarch

Yn ’e ferpleging en fersoarging wurdt wurke mei twa ferskillende kwaliteitskaders: it kwaliteitskader ferpleechhûssoarch en it kwaliteitskader thússoarch. Jo kinne lykwols ek soarch krije dy’t jildt as ferpleechhûssoarch wylst jo selsstannich thús wenjen bliuwe, dat kin fia it Folslein Pakket Thús (VPT) of it Modulêr Pakket Thús (MPT). Dizze soarch, dy’t jo thús krije, foldocht oan alle kwaliteitseasken dy’t yn it kwaliteitskader ferpleechhûssoarch beskreaun wurdt. Hoe’t wy dêrfoar soargje kinne jo lêze yn ús addendum langduorjende soarch thús.

Personielsgearstalling

De persoanielsgearstalling is in wichtich ûnderdiel fan it Kwaliteitskader Ferpleechhûssoarch en foarmet in fêst ûnderdiel fan it jierlikse Kwaliteitsplan en Kwaliteitsferslach. Goede soarch stiet of falt mei fakbekwaam en goed oplieden fersoargjenden en ferpleechkundigen. Meiwurkers wurde geregeld byskoalle en hâlde dêrmei harren fakkennis by de tiid.

Kwaliteitsferslach

Hôf en Hiem is it hiele jier troch dwaande om de kwaliteit fan de soarch te garandearjen en te ferbetterjen. Yn it kwaliteitsferslach dogge wy ferslach oer alles op it mêd fan feiligens, hokker inisjativen der nommen binne en wat wy yn it ôfrûne jier wiermakke hawwe fan ús plannen. De plannen foar it kommende jier presintearje wy yn desimber. Hjir fine jo ús lêste jierferslach.

Kliïntynformaasje
Ferwizers
Oer ús